Nij stipepunt plysje yn Ljouwert

© Omrop Fryslân
Oan it Fliet yn Ljouwert is woansdei in nij plysjeburo iepene. Yn it gebou fan de Stichting Welzijn Ouderen is in saneamd stipepunt kommen. Foaral buertbewenners kinne der foar plysjesaken telâne.
Doel is om Fryslân sa'n fyftich stipepunten te realisearjen. Der binne no al tweintich. It stipepunt fan de plysje is trije kear yn de wike iepene. Dat is moandeitemoarn, woansdeitemiddei en tongersdeitejûn.