Domino Day yn it bûtenlân op tv

13 nov 2002 - 00:00

Domino Day 2002 wurdt troch ferskate televyzjestasjons yn Europa útstjoerd. Freed falle de fjouwer miljoen dominostiennen yn it FEC yn Ljouwert om. As dat slagget is dat in nij rekord. België, Frankryk, Eastenryk, Hongarije en Dútslân stjoere in part fan it program út.

Nick Carter fan Backstreet Boys is oanwêzich. Ek artysten as Andrea Bocelli, Westlife en Sita fersoargje optredens yn it SBS-program.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)