Bus rydt no by alle doarpen del

© Omrop Fryslân
Alle doarpen moatte troch it iepenbier ferfier ûntsluten wurde. Dat sei deputearre Bijman woansdei by de presintaasje fan fjouwer nije buslinen. Der komt in direkte ferbining tusken Balk en De Lemmer. Fierder wurde Ousterhaule, Winaam en Jorwert opnommen yn de tsjintregeling fan NoordNed.
Alle doarpen mei mear as 250 ynwenners binne no mei it iepenbier ferfier te berikken. Lanlike besunigings soene lykwols de boel yn de bulten jeie kinne.