Ljouwert kiest foar museumhaven

13 nov 2002 - 00:00

De gemeente Ljouwert hat definityf keazen foar in museumhaven yn it sintrum fan de stêd. As lokaasje is de kar fallen op de Zuiderstadsgracht, tusken de Prins Hendrik-brêge en de Iepenbiere Biblioteek.

Yn de museumhaven moatte histoaryske skippen in thúsplak krije. It jild foar de haven moat by partikulieren en út fûnsen weikomme. Neffens wethâlder Brok wurdt der op it stuit hurd wurke oan de oprjochting fan in stiftingsbestjoer.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)