Fersmoarge grûn yn Goutum

13 nov 2002 - 00:00

De grûn ûnder 13 huzen oan De Tolve yn Goutum is fersmoarge. Ut ûndersyk fan de gemeente Ljouwert is nei foaren kaam dat der kadmium yn de grûn sit.

It is noch net dúdlik hoe skealik de konsintraasje kadmium is. De gemeente sil dat neier ûndersykje. Dêrút moat bliken dwaan wêr't de fersmoarging krekt sit, wat de skea foar de folkssunens wêze kin en hoe't de fersmoarging ûntstien is. De bewenners wurde op 26 novimber neier ynformearre.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)