Dochs ôffal by Ternaard?

12 nov 2002 - 00:00

De kâns dat radio-aktyf ôffal opslein wurdt yn de sâltkoepels by Ternaard is noch hieltyd oanwêzich. Steatssiktaris Van Geel wol goed fiif miljoen euro útlûke foar nij ûndersyk nei de mooglikheden. No wurdt it ôffal by de kearnsintrale yn Borssele opslein.

Al in skoft wurdt praat oer de opslach by Ternaard. Yn konteners soe it guod op in djipte fan 800 meter bewarre wurde moatte.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)