Dongeradiel earmste gemeente

© Omrop Fryslân
De gemeente Dongeradiel is de earmste gemeente fan Fryslân en de op twa nei earmste fan Nederlân. Dat docht bliken út sifers fan it Centraal Bureau voor de Statistiek.
Njonken Dongeradiel steane ek Dantumadiel en Kollumerlân heech op 'e list fan earme gemeenten. It trochsneed ynkommen yn dizze gemeenten sit sa'n 15 persint ûnder it lanlike trochsneed ynkommen. Allinnich Reiderland en Pekela binne noch earmer.