Bakkersfakwedstriden wer los

12 nov 2002 - 00:00

Hûndert waarme bakkers út Fryslân en Grinslân mjitte woansdei en tongersdei de krêften op 'e jierlikse bakkersfakwedstriden foar it noarden yn Mearum. In krityske sjuery sil hjir ûnder oare sûkerbôle, bakken, folde koeken en brea hifkje en keure.

De dielnimmende bakkers meitsje de ferskate produkten yn 'e eigen bakkerij om se letter nei Mearum yn Grinslân te bringen. De sjuery sil woansdeitejûn de priiswinners bekend meitsje.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)