Eareherstel foar bintsje

© Omrop Fryslân
Yn Dongeradiel is in aksjegroep oprjochte foar it bintsje. Doel is de ierdappel yn 'e winkels werom te krijen. Inisjatyfnimmer Brandsma fynt it ûnterjochte dat it bintsje de namme 'gifpieper' krige hat en miljeu- ûnfreonlik is. Dêr soene finansjele belangen achter sitte, seit er.
By de belangegroep binne 117 boeren en hannelers oansletten. Op de spesjale website www.bintje.info is ynformaasje te finen oer it bintsje.