Three-ality presintearret cd

12 nov 2002 - 00:00

It winnende liet 'Fûgelfrij' fan it Fryske sjongfestival is op cd single útbrocht. De groep Three-ality presintearre de cd moandei yn in fol kroechje yn Ljouwert. Kastsjonger Syb van der Ploeg krige it earste eksimplaar. Hy wurke mei oan de single.

De fammen fan Three-ality binne mar har 17, 17 en 15 jier noch tige jong. Se dogge no in goai nei it nasjonale songfestival. De klip Fûgelfrij is woansdei op tv te sjen by No Nynke.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)