Foppe siket it yn it kuorbaljen
Kuorballers moatte oars traine. Dat fynt alteast fuotbaltrainer Foppe de Haan fan Hearrenfean. De Haan joech moandei op It Hearrenfean in drok besochte demonstraasjetraining oan de kuorballers fan Blau-Wyt. Neffens De Haan moatte kuorbaltrainingen mear ôfwikselje yn yntensiteit, omdat kuorbal 'in dynamysk spultsje' is.
De kuorbalclinic fan De Haan waard bywenne troch sa'n 200 kuorbaltrainers, dy't ek mei De Haan yn diskusje giene.