Stipe foar Coopmanshûs

12 nov 2002 - 00:00

It Coopmanshûs yn Frjentsjer kriget hieltyd mear politike stipe. Nei Gemeentebelangen, hat no ek it CDA him deroer útsprutsen. It museum moat wol besunigje. Sa moat de bygebouwen it Valckeniershûs en de Waag ferkocht wurde. De kolleksje moat inkeld yn it oarspronklike gebou ûnderbrocht wurde.

De opknapbeurt mei heechút 1,5 miljoen euro kostje en de eksploitaasje net mear as in ton per jier. De gemeenteried moat der noch oer stimme.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)