Kas Beetstersweach wurdt opknapt

12 nov 2002 - 00:00

De tropyske kas yn Beetstersweach liket rêden. De gemeente Opsterlân stelt 20.000 euro beskikber foar de restauraasje. Boppedat sil de gemeente mei de freonen fan de kas oerlizze oer de eksploitaasje. De ried fan Opsterlân stimde moandei foar behâld fan de kas.

De kas hat der jierrenlang fertutearze bystien en de gemeente woe der neat oan dwaan. Dêrop rjochten ynwenners fan Beetstersweach in feriening op, dy't al mear as hûndert stipers hat.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)