Remkes op besite yn Ljouwert

11 nov 2002 - 00:00

Minister Remkes fan Binnenlânske Saken hat moandei in besite oan Ljouwert brocht. Hy hie goed nijs, want de provinsje kin miskien ekstra plysjeminsken temjitte sjen.

Remkes stelde him op 'e hichte fan de spesifike problemen en de feiligens yn de provinsje. Yn dat ramt paste ek de iepening dy't hy fersoarge fan it Meldpunt Oerlêst yn Ljouwert. Yn de Vrijheidswyk prate Remkes mei bewenners oer sosjale problematyk.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)