Snits moat suniger oan

© Omrop Fryslân
Snits moat de kommende jieren de broekriem oanhelje. De gemeente kin minder grutte projekten útfiere. B en W hawwe oanjûn wat wol trochgean kin. It giet dan benammen om plannen dy't al op tafel leine.
Nije projekten wurde net mear útfierd. Om de besteande plannen betelje te kinnen, stelle B en W út om de ûnreplik-saakbelesting mei 5 persint te ferheegjen. De ried sil oer twa wike gear oer de foarstellen.