Bloody Sunday wint filmfestival

11 nov 2002 - 00:00

De Iersk/Ingelske produksje Bloody Sunday hat de interregiokompetysje fan it Noordelijk Filmfestival wûn. Bloody Sunday lit yn dokumintêre styl sjen wat der krekt misgie op 30 jannewaris 1972, de dei dy't de skiednis yngean soe as 'Bloody Sunday'. De priis bestiet út in byld, de Matad'or, en 10.000 euro.

'Valentin' fan 'e Argentynske regisseur Alejandro Agresti foel it bêste yn 'e smaak by it publyk. It filmfestival luts wer mear minsken: sa'n 18.000.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)