Ferkearsmerken op skoallen

© Omrop Fryslân
Der komme fjouwer saneamde ferkearsmerken op middelbere skoallen yn de Súdwesthoeke. Op sa'n ferkearsmerk stiet de ferkearsfeiligens fan skoalbern sintraal. Skoalbern binne in soad op 'e fyts ûnderweis.
Sa binne der ûnder oare ynteraktive workshops en jout de plysje foarljochting oer reflektors. Dielnimmende skoallen binne de RSG Magister Alvinus, it Bogerman College, it Marne College en it GSC Gaasterland.