Jeugdsoarchloket net foar 1 july

10 nov 2002 - 00:00

Der komt net earder as 1 july takom jier ien sintraal loket foar de jeugdsoarch yn Fryslân. Dat seit deputearre Ploeg yn in reaksje op de opmerkings fan direkteur Yntema fan de GGZ-jeugd yn Fryslân.

Neffens Yntema moat de provinsje avensearje mei it opsetten fan ien provinsjaal loket. Ploeg seit dat it opsetten fan sa'n loket noch wol even duorje sil, ek omdat it kabinet fallen is. Hy wol mei GGZ-jeugd om 'e tafel.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)