Iepen dei yn kas levert leden op

© Omrop Fryslân
De iepen dei by de tropyske kas yn Beetstersweach fan sneon hat sa'n 70 nije leden foar de belangeferiening Vrienden van de Tropyske Kas opsmiten. De feriening besiket de tropyske kas te rêden fan de ûndergong.
Al mei al hat de feriening no goed 100 leden. De kas leit der fertutearze by en de gemeente wol der eins gjin jild mear yn stekke. Opsterlân wol earst wite oft der genôch draachflak is yn it doarp foar it behâld fan de kas.