Nij sintrum GGZ yn It Fean

© Omrop Fryslân
De GGZ hat de wachtlist foar psychyske help foar jeugd oant 18 jier fuortwurke. It tal behannelingen is de lêste twa jier mei 20 prosint tanommen. Op It Hearrenfean is in nije lokaasje iepene. Der wurde inkeld behannelingen oerdei dien.
It sintrum heart by it psychiatrysk sintrum De Swing yn Ljouwert. Dêr kinne pasjinten wol opnommen wurde. Tsjintwurdich wurdt it opnimmen fan kliïnten sa lang mooglik útsteld.