'Needsaak sluting ûndersykje'

09 nov 2002 - 00:00

In saakkundige moat ûndersykje oft de sluting fan it distribúsjesintrum fan Laurus echt nedich is. Dat sizze de fakbûnen. By it sintrum op It Hearrenfean wurkje hast twahûndert minsken. Neffens it supermerkkonsern kin de distribúsje tenei beter dien wurde fanút it Drintske Beilen. Dat is grutter as it Fryske sintrum.

De fakbûnen fine de sluting nuver om't it distribúsjesintrum op It Hearrenfean krekt goed draaide.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)