Blauwe autoljochten meie net

08 nov 2002 - 00:00

De plysje sil tenei stranger optrede tsjin auto's en frachtweinen dy't mei blauwe ferljochting ride. De fantasy- ferljochting is neffens de wet ferbean yn it ferkear. De lêste tiid komme der hieltyd mear auto's dy der mei omride.

Neffens de plysje bringt it blauwe ljocht oare bestjoerders yn 'e war, omdat it liket op it swaailjocht fan in ambulânse. De raazje is begûn mei de film 'The fast and the furious'. Yn dizze film ha auto's ek felle ljochten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)