Kluitman easket 5.000 euro deis

08 nov 2002 - 00:00

Foar eltse dei dat de Kameleonfilm fan studinteferiening Bernlef fertoand wurdt easket útjouwerij Kluitman in skeafergoeding fan 5.000 euro. Mei dy eask hat Kluitman Bernlef foar de rjochter yn Grins dage. De saak is set op freed 29 novimber om 9.00 oere.

De Fryske premiêre fan 'e alternative Kameleonfilm op sneon 9 novimber yn Ljouwert giet gewoan troch, sa lit filmprodusint Marcel Westerhof witte. De film is sneon fiif kear te sjen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)