Ynfal yn kasino Ljouwert

08 nov 2002 - 00:00

De plysje en de belestingtsjinst hawwe in ynfal dien yn Kasino It Fliet yn Ljouwert. De spylclub moast ticht om't er sûnder fergunning draaide. Op ferskate warskôgings fan de gemeente en it GAK hie de eigner net reagearre.

Op it momint fan de ynfal wie it kasino iepen. Lykwols, de sluting ferrûn sûnder al te folle problemen. Personiel en besikers koene gewoan nei hûs ta. De belestingstsjinst hat administraasje yn beslach nommen fanwege skulden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)