Fryske hertpasjint nei bûtenlân

08 nov 2002 - 00:00
Foto: Omrop Fryslân

Hertpasjinten yn Fryslân sille faker yn it bûtenlân operearre wurde. Yn Nederlân en benammen yn Grins moatte pasjinten te lang op in yngreep wachtsje, neffens de Fryske kardiologen. Soarchfersekerder De Friesland biedt hertpasjinten dêrom de mooglikheid om yn Oldenburg of Pisa yn Italië operearre te wurden.

Oer in jier krijt it Medysk Sintrum Ljouwert in hertsintrum, dêr't iepen hertoperaasjes útfierd wurde kinne.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)