Syb en Nico stappe út De Kast

© Omrop Fryslân
Syb van der Ploeg en drummer Nico Oudhuijse hâlde op mei De Kast. De oare trije leden gean troch mei de band. Sytse Broersma, Peter van der Ploeg en Kees Bode hawwe as doel ein 2003 werom te kommen op it poadium. Oft dat bart yn in nije 'Kastband' of dat se wat oars dwaan sille, is noch ûnbekend.
Syb en Nico litte yn it fanclubblêd witte dat se trochgean wolle mei oare muzikale saken. Op 21 desimber jout De Kast it lêste konsert.