Dokkumer jeugd yn konteners?

© Omrop Fryslân
De gemeente Dongeradiel is der noch hieltyd net yn slagge om in goed plak te finen dêr't de jeugd nei skoaltyd omhingje kin. Meiwurkers fan sosjaal- kultureel sintrum De Tille yn Dokkum ha in oar idee foarsteld.
Sy wolle in seal foar optredens en feesten dêr't sa'n 200 persoanen yn kinne. De Tille kin lykwols op it stuit mar 25 man binnen ha. De jongerein hat no sels betocht om hingplakken yn te rjochtsjen yn konteners.