De Jouwer bliid mei FC Grins

© Omrop Fryslân
De Jouwer is bliid mei FC Grins as tsjinstanner yn 'e twadde ronde fan 'e Amstel Cup. De Jousters fine Grins in oansprekkende tsjinstanner. Boppedat wurdt, lykas woansdei tsjin Vitesse-2, ek tsjin Grins in ferrassing net útsletten. FC Grins stiet op it stuit stiif ûnderoan yn 'e earedivyzje.
De Jouwer-Grins wurdt sa't it no liket op 3 of 4 desimber spile. Of ek wer op it eigen sportpark wêze sil hinget ôf fan in oerlis mei de KNVB.