Legionella yn dûs fan swimbad

07 nov 2002 - 00:00

Yn de dûs fan it swimbad yn Boalsert is legionella oantroffen. Ut in perioadike kontrôle hat woansdei bliken dien dat de baktearje der is. De dûsromte is fuort foar publyk ôfsluten. It swimbad bliuwt wol iepen. It soe om in net sa gefaarlike foarm fan de legionellabaktearje gean.

Op syn betiidst kin de dûs 21 novimber pas wer brûkt wurde. Swimmers sille har foarearst dus thús ôfspiele moatte.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)