Yn ear biten by spul

© Omrop Fryslân
By spul tusken twa bewenners fan it asylsikerssintrum yn Appelskea is in man fan 21 jier ferwûne rekke. In man fan 29 jier joech it slachtoffer in pear klappen en biet in stik fan syn ear ôf. It slachtoffer is nei it sikehûs yn Drachten brocht.
De twa hienen spul krigen by in tafeltennistoernoai. De plysje hat de fertochte oanhâlden en foar neier ûndersyk ynsletten.