Fryske dichters nei Ingelân

© Omrop Fryslân
De dichters Tsead Bruinja en Sieger M. Geertsma lêze nije wike yn Newcastle foar út eigen wurk. De yn Grins wenjende Friezen trede op yn it ramt fan de stêdebân dy't Grins mei it Ingelske plak hat.
Op it program stiet fierder in petear mei in dosint fan de universiteit, in moeting mei Lord Mayor en in besite oan in skoalle. De dichters prate dêr mei literatuerstudinten oer poëzij.