Ljouwerter hôf nimt saken oer

07 nov 2002 - 00:00

It gerjochtshôf yn Ljouwert is oanwiisd as ekstra sittingsplak fan it hôf yn Alkmaar. Yn de Fryske haadstêd wurde de saken yn heger berop fan de plysjerjochter behannele. Komplisearre kwestjes, ekonomyske saken en saken fan finzenen wurde net dien.

Trochdat Ljouwert saken oernimt, moat de druk op it hôf yn Amsterdam dy't oars de hegerberopssaken die, minder wurde. Wat de gefolgen foar it hôf yn Ljouwert binne, is noch net dúdlik.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)