Fjouwer tips nei Plysjepost

© Omrop Fryslân
De plysje hat fjouwer tips krigen nei oanlieding fan it program Plysjepost. Der wienen tea tips oer de pinpasfraude yn Hallum. Ien reaksje gie oer de brânkast op De Gordyk. Ek kaam noch ien tip binnen oer in kwestje dy't yn de earste ôflevering oan de oarder kaam.
Oft de tips brûkber binne kin de plysje noch net sizze. Mear ynformaasje oer Plysjepost is te finen op de ynternsetside fan de omrop: www.omropfryslan.nl