Priiswinners fleane yn F-16

© Omrop Fryslân
Trije geloksfûgels hiene woansdei de tiid fan har libben. Se koene in flecht mei in F-16 meitsje fan de fleanbasis yn Ljouwert ôf. De keninklike loftmacht hie yn it ramt fan in wervingskampanje de flechten ferlotte op de iepen dagen.
Tiisdei kamen de priiswinners al nei de fleanbasis foar de tariedings, lykas it passen fan in fleanpak en in medyske keuring. Gelokkich wie alles yn oarder en koene se woansdei de loft yn. De flecht gong oer hiel Nederlân.