Auto útbaarnd by Raerd

© Omrop Fryslân
Op 'e Snitserdyk by Raerd is tiisdei in auto útbaarnd. De bestjoerster, in frou (33) út Snits, waard attint makke op de brân doe't se op Rykswei A32 ried. Oare bestjoerders knipperen mei de ljochten. Se naam de ôfslach Snits en sette by Raerd de auto oan 'e kant, want der kamen flamkes ûnder de motorkape wei.
Eefkes letter stie de hiele wein yn ljochte lôge. De brânwacht moast deroan te pas komme. De oarsaak fan de brân is noch ûnbekend.