Ljouwert wol studintehuzen

© Omrop Fryslân
De gemeente Ljouwert wolle sa'n tsien nije studintehuzen yn 'e stêd. It âlde belied om gjin studintehuzen te bouwen giet om, omdat de wachtlist foar in keamer op it stuit al sa'n 15 moanne is. En soks is net goed foar it image fan Ljouwert as HBO-stêd.
Om oerlêst foar te kommen wol de gemeente net tefolle studintehuzen byinoar delsette. De gemeenteried moat noch wol grien ljocht jaan foar it plan om studintehuzen te ûntwikkeljen.