Gynekolooch MCL beskrobbe

05 nov 2002 - 00:00

It tuchtkolleezje hat in gynekolooch fan it Medysk Sintrum Ljouwert beskrobbe. De dokter soe neffens it kolleezje yn Grins in beoardielingsfout makke ha by in befalling. Hy soe te let besluten ha ta in keizersneed. De poppe fan in frou út Kollumersweach krige te min soerstof en is in wike nei de berte ferstoarn.

Sûnt it foarfal, ein 1999, is de gynekolooch net mear by steat te wurkjen.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)