Untslaggen by Fleanbasis

© Omrop Fryslân
By de Fleanbasis Ljouwert ferdwine tachtich arbeidsplakken by de mobile bewakingstroepen. Dat skriuwt de Ljouwerter Krante. De bewaking fan de F16's wurdt oernommen troch oare ûnderdielen fan de loftmacht.
Neffens in meiwurker fan definsje is it ûntslach noch net wis. Minister Korthals moat noch op de hichte steld wurde en de Twadde Keamer moat der ek noch oer gear. Definsje moat 800 miljoen euro it jier besunigje.