Ferpleechhuzen smite lapen gear

© Omrop Fryslân
De fúzje tusken de ferpleechhûzen Stellinghaven en Bertilla yn Drachten kin trochgean. De fakbûnen binne akkoart gien mei it sosjaal plan foar de 500 wurknimmers. Der wurde gjin meiwurkers ûntslein.
De kwaliteit fan it wurk komt neffens fakbûnsbestjoerder Jan Vos net yn gefaar komme troch de skaalfergrutting. De namme fan de nije ynstelling is noch net bekendmakke, mar de fúzje krijt op 1 jannewaris syn beslach.