Glastra van Loon stoarn

© Omrop Fryslân
Pieter Ane Glastra van Loon is snein yn âldens fan 56 jier ferstoarn. Glastra van Loon wie sûnt 1984 foarsitter fan it Frysk Hynste Stamboek. Hy wie al in skoftke siik.
Njonken syn wurk by it Frysk Hynste Stamboek wie Glastra van Loon ek president fan de World Frisian Horse Organisation. Foar de VVD siet er yn Provinsjale Steaten. Ferline jier waard er offisier yn de Orde van Oranje Nassau.