Willem Verf stapt út 'e polityk

© Omrop Fryslân
Fraksjefoarsitter Willem Verf fan GrienLinks yn provinsjale steaten hâldt op mei de polityk. Verf hat 8 jier yn de steaten sitten, mar hy kin it net langer kombinearje mei syn wurk as direkteur fan 'e HWL yn Ljouwert.
Fan 'e fiif sittende steateleden wolle ek trije oaren net wer. Grienlinks docht sadwaande mei in list fol nije minsken mei oan de steateferkiezings.