Fjouwer ferwûnen by autoûngelok

03 nov 2002 - 00:00

By in slim autoûngelok binne sneon fjouwer minsken ferwûne rekke. Tusken Hurdegaryp en Ljouwert fleach har auto oer de kop, troch noch ûnbekende oarsaak. In fyfde ynsittende mankearde neat.

De dyk tusken Hurdegaryp en Ljouwert hat in pear oeren ôfsletten west, sadat helpferlieners der by koenen. It ferkear waard omlaat.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)