Gjin world-cups foar Ritsma

03 nov 2002 - 00:00

Erben Wennemars is de grutte kampioen fan it NK reedriden ôfstannen. Hy wûn nei de 500 en de 1000 meter snein ek de 1500 meter, mei oermacht.

Ids Postma waard fyfde en hat him pleatst foar de World Cupwedstriden. Foar Rintje Ritsma waarden de wedstriden in grutte teloarstelling. Freed rêde er it net op de 5 kilometer, snein waard er alfde op de 1500 meter.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)