Tsjerke Koartehimmen wer iepen

03 nov 2002 - 00:00

It tsjerkje fan Koartehimmen is wer iepen, nei in jier fan restauraasje. It ynterieur fan de tsjerke is yn dat jier folslein ûnder hannen naam. By dat wurk binne ûnder mear is stel âlde munten fûn, sels ien út 1600.

De restauraasje hat 175.000 euro koste. Dêrfoar is de tsjerke fan binnen hielendal leech helle en wer op 'e nij opboud.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)