Sulver foar Thomas
Annamarie Thomas is snein twadde wurden op de 1500 meter, by de Nederlânske ôfstânskampioenskippen reedriden. De titel gie nei Renate Groenewold. Elma de Vries waard fyfde, Wieteke Cramer achtste.
Troch it risseltaat is Thomas wis fan dielname oan World Cupwedstriden yn Hamar en Erfurt. Sneon prestearde Thomas ek al goed.