Winst foar Hearrenfean
Hearrenfean hat sneon syn twadde winst behelle. De fuotballers wienen mei 3-1 de baas oer De Graafschap. Troch de winst hat Hearrenfean no oansluting mei de ûnderkant fan de middenmoat.
Grutte man by Hearrenfean wie Petter Hansson. Hy skoarde yn de earste helte en soarge flak nei rêst foar 2-1. Romano Denneboom sette in minút letter de einstân op it boerd.