Autoynbraken oplost

02 nov 2002 - 00:00

De plysje fan Ljouwert hat in grut tal autoynbraken oplost. Troch ekstra kontrôles koe de plysje fjouwer manlju oanhâlde, goed foar 18 ynbraken. De fjouwer hearden net by-inoar.

De dieven binne allegear ferslaafd. It stellen guod, faak audio-apparatuer, waard ferkocht. Yn mar ta gefallen is it stellen guod weromfûn. De manlju sitte noch fêst.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)