Knuffels yn Frysk Museum

02 nov 2002 - 00:00

Yn it Frysk Museum wie it sneon in bisteboel. Sa'n hûndert bern koene mei har favorite knuffel op de foto, har schminke litte as in bist, of de bearedokter har stikkene bear meitsje litte.

De bern griepen de bûtenkânskes om har knuffel yn it sintsje te setten graach oan. De aktiviteit wie yn it ramt fan de eksposysje Beestachtig Goed.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)