Undersyk nei brânstichtings

© stock.xchng, tempqp
De plysje docht ûndersyk nei twa gefallen fan brânstichting yn de nacht fan sneon op snein. Op It Hearrenfean binne trije konteners yn brân stutsen. Dy stiene by in hûs oan it Setfjild. Buorlju hawwe besocht it fjoer út te meitsjen, mar dat slagge net. Doe hawwe se de helptsjinsten warskôge. It hûs hat skea oprûn.
Foar brânstichting yn in hûs oan de Fabrykswei yn Tsjom is de 33-jierrige bewenner oanhâlden. De plysje krige in melding dat de wenkeamer yn 'e brân stie. By oankomst wie it fjoer al út. De plysje ûndersiket de saak.
Op 'e Jouwer is in fyts yn 'e brân stutsen. Dy stie flakby in konifear oan de Pastoryleane. Undersyk nei de dieder of dieders hat oant no ta neat opsmiten.