Reedrydtrener Visser stoarn

02 nov 2002 - 00:00

Yn Snits is tongersdei Klaas Visser stoarn. Yn de jierren sechstich en sântich treende er de noardlike jeugd en hy coachte Atsje Keulen-Deelstra yn 1972. Sy wûn doe trije Olympyske medaljes en waard wrâldkampioen.

Visser wie yn 1981 belutsen by in slim auto-ongelok. Dêrnei treende er allinne noch op lyts regionaal nivo. Hy is 63 jier wurden.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)